Bron: Omrop Fryslan, door Hayo Bootsma
De Alvestêdetocht as triatlon, dat klinkt as gekkewurk. Mar net foar Stefan van der Pal. Troch earst 200 kilometer te swimmen, en dêrnei nochris te fytsen en te rinnen wol er jild ynsammelje foar Stichting Semmy.
“Het is zoiets langs en groots dat je het nooit helemaal goed kunt bevatten”, sei Van der Pal in pear moannen lyn al. Sûnt 2020 is hy al mei it projekt dwaande. “Toen zou ik de Elfstedentocht al zwemmen, maar door corona kon dat niet doorgaan. In die tijd is ook het idee ontstaan de tocht als triatlon te doen.”
Fan ‘e moarn om 07.00 oere wie it dan safier. In bytsje nerveus, mar likegoed fêstberet dûkte Van der Pal yn Bonkefeart yn Ljouwert yn it wetter foar syn meunstertocht. Neffens it skema dat syn begliedingsteam makke hat, moat er tongersdei de 200 kilometer folbrocht ha. Dêrnei steane him noch likernôch tsien oeren fytsen en in dei hurdrinnen te wachtsjen. De finish stiet pland op sneon of snein.
Folgje Stefan van der Pal syn tocht op de foet:
Sjoch live nei de swimtocht: https://cdn-webcam-harlingen.nl/stefan-beeld/Foar it swimmen: https://elfstedentriatlon-swim.legendstracking.com/Foar it fytsen: https://elfstedentriatlon-bike.legendstracking.com/Foar it draven: https://elfstedentriatlon-run.legendstracking.com/
Bekijk het gehele artikel op de website van Omrop Fryslân